Frysk bloed tsjoch op! wol no ris bruze en siede,
En bunzje troch us ieren om!
Flean op! Wy sjonge it beste lan fan d'ierde,
It Fryske lan fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oeralde, leave Fryske grun,
Nea waard dy feste, taaie ban ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lan ferbun.
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Fan bugjen frjemd, bleau by 't ald folk yn eare
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Trochloftich folk fan dizze alde namme,
Wes jimmer op dy alders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in kreftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!
Klink dan en daverje fier yn it run
Dyn alde eare, o Fryske grun!