Frysla^n do libbest, do libbest as in hert
Gjin dei dat ik net even oan dy tink
Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet
Dy te ru^ken, dy te sjen, dyn taal te hearren
Myn byld fan dy is noch net skansearre
Dyn wide loften, de sinne oer it waad
Boerepleatsen yn it beammeskaad
De a^lde toer dy't tolve oere slacht
De fiere lu^den yn de stille nacht
Frysla^n do libbest, do libbest yn myn hert
Al bin ik fier fan dy, ferjit my net
Frysla^n ferjit my net
refr.:
Bin ik werom dan fyn ik op 'e taast de paden
As ik werom bin stiet de flagge op 'e toer
Bin ik werom dan stiet it fee te pronkjen
As ik werom bin giet dat nijs as diggelfjoer
Bin ik werom dan sjoch ik al myn a^lde freonen
As ik werom bin rint it libben u't 'e ha^n
Bin ik werom dan wol ik feesten fiere
As ik werom bin leit it hea wer op it la^n
Frysla^n do libbest, do libbest yn myn hert
Gjin dei dat ik net even oan dy tink
Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet
Dy te ru^ken, dy te sjen, dyn taal te hearren
Myn byld fan dy is noch net skansearre
Dyn wide loften, de sinne oer it waad
De boerepleatsen yn it beammeskaad
De a^lde toer dy't tolve oere slacht
De fiere lu^den yn de stille nacht
Frysla^n do libbest, do libbest yn myn hert
Al bin ik fier fan dy, ferjit my net
Frysla^n ferjit my net
refr.(2x)
Bin ik werom